Durk Andreas Visser
1921-1943
Oorlogsslachtoffer
Is 21 jaar geworden
Geboren op 25-09-1921 in Zevenhuizen
Overleden op 20-01-1943 in Hamburg-Neuengamme
Afbeeldingen
Afbeelding toevoegen?
Klik hierBijdragen
De volgende bijdragen zijn door bezoekers toegevoegd:
Geplaatst door Coördinator Archief Oorlogsgravenstichting op 28 januari 2015
Verhaal door Jeroen Visser
Geplaatst door Digitaal Monument Neuengamme op 08 mei 2018
Durk wenne yn Voorburg by syn Ăąlders en gie yn Rotterdam nei de HTS (hjitte doe MTS) en wie ek troch it bombardemint op Rotterdam fĂ»l tsjin de DĂștsers. Hij hie mei in 4-tal klasgenoaten in fersetsgroepke oprjuchte dyât him dwaande hĂąlde mei âsabotaazjeâ. Dit ploegje is ferrieden, want op 28 maaie 1942 kaam de DĂștske plysje by skoalle om de 4 jongemannen. De konsjerzje hie him fan de domme hĂąlde moatten, mar hy wie meigeand en sei wĂȘrât yn wat klasse de jonges sieten en doe koenen hja gjin kant mear Ășt en waarden meinaam, earst nei it buro âHaagse Veerâ en letter nei de finzenis yn Scheveningen.
Heit Wabe, dyât fan klasgenoaten heard hie fan de arrestaasje, koe him der ien kear wyks skjin guod bringe mar mocht him net besykje want Durk moast earst sizze waât mear belutsen wienen by dit ferset . Dat hie er direkt nei syn oppakken al wegere mei de wurden: "Een goede Nederlander verraad zijn landgenoten niet" en dus koe Wabe sĂ»nder syn soan sprutsen as sjoen hie wer fuort gean.. Durk is oerbrocht nei "kamp Amersfoort" dĂȘrât in misdiedich belied wie, hij moast bijgelyks yn te lytse klompen sĂąn kroadsje fan it iene plak nei it oare, oan soks en noch helte slimmer hienen de kampebewekkers "aardichheid" oan.
Op 5 desimber 1942 krigen Wabe en Hil berjocht fan Durk Ășt Neuengamme, dizze brief wie al begjin novimber ferstjoerd .mar efter hĂąlden. Yn it brief frege Durk om waarme klean want hij hie allinne in tin simmerpakje oan. Dit wie foar it earst dat Wabe en Hil hearden dat er yn Neuengamme siet. Hja ha doe mei de hiele buert (elts joech wat) in grut pakket makke en dat ferstjoerd nei Neuengamme. Ein jannewaris komt der in plysje oan âe doar mei it boadskip dat Wabe Visser op it buro BinnenhĂŽf komme moast. Wabe fertroude it net, mar in kunde fan harren gie der hinne mar krige gjin gehoar: Visser moast sels komme en der hearde er dat Durk op 20 jannewaris 1943 ferstoarn wie. Hij krige in smel strookje papier dĂȘrât op stie dat Durk Visser ferstoarn wie en dĂȘr stie as gefolch fan in "natuerlike oarsaak nei hertstilstĂąn" dat wie it altyd fansels. Underskrean troch in arts.
Durk wie in sĂ»ne fint doeât men him oppakte, dyât ek tige oan sport die. Hja ha syn simmerpak weromkrige en de kont fan âe broek wie der hielendal Ăștslein. Jierren letter, Wabe wie stoarn yn 1974 wei en Hil dyât it ferstjerren fan har soan Durk nea geastlik ferwurkje kinnen hat wie wei en doe is it hĂ»s opromme en hat men op âe souder yn in kiste noch gasgranaten fĂ»n, dyât stellich fan Durk west ha.
Ynformaasje fan Hilly de Lange-Visser, suster fan Durk Optekene troch Jelle R. de Jong.
SluitenGeplaatst door Jeroen Visser op 28 januari 2015



